Moasje FNP en VVD oannaam om bedriuwen romte te jaan

Foto Gewoan Dwaan - Douwe Bijlsma

DFM - Ûnlangs hat de FNP tegearre mei de VVD yn in riedsgearkomste in moasje yntsjinne om ek yn 2021 romhertich om te gean mei de plannen fan de rekreaasje-ûndernimmers en de detailhannel. Yn ferbân mei it missen van ynkomsten troch de coronakrisis wol de partij hoareka en detailhannel mear romte jaan. Bygelyks foar terrasse en kleanrekken as de regels útrekke wer as dat mooglik is. De moasje is oannommen, allinnich PvdA en Grien Links stimden tsjin.

Tagelyk hat de Rie besletten om yn 2020 gjin precariobelesting op te lizzen (belesting op terrassen enútstallingen fan bedriuwen op trottoirs). Dat beslút wie in gefolch fan in moasje dêrta dy’t VVD, D’66 en FNP yn 2020 yntsjinne hiene.

,,Rekreaasje en hoareka is in wichtige sektor foar ús gemeente en dy sektor krijt swiere klappen troch
de maatregels'', sa seit de FNP. Mar fraksjelid Gerda de Vries frege nammers de FNP omtinken foar alle bedriuwen. De Vries: ,,Ek yn oare sektoaren stiet it wetter guon bedriuwen oan de lippen ta. No’t detail sa lang ticht west hat, bin dêr bijgelyks mooglik ek grutte problemen. De fraksjes moatte de lapen bij elkoar smite sadat de gemeente alle bedriuwen sa goed mooglik troch dizze tiid hinne helpe kin. Dy ienriedichheid is yn dizze tiid fan belang, dêrom is it ek spitich, dat PvdA en Grien Links dizze moasje net stypje woene.''

Guon ûndernimmers bin oant dusfier tusken de mazen fan de regelingen fallen. Sûnt koart bestiet de
TONK-regeling. Mooglik is dat foar guon ûndernimmers in útkomst. Gerda de Vries frege de
wethâlder om dêr bijgelyks ek fia it webstek fan de gemeente mear bekendheid oan te jaan: foar wa
is dy regeling en hoe moat dy regeling oanfrege wurde.