Pjutte-opfang De Stuiterbal yn Joure behellet op ‘e nij sertifikaat foar twatalich wurkjen
DE JOUWER - Pjutte-opfang De Stuiterbal wurket al sûnt 2011 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Yn it ferline hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Elke trije jier wurdt der troch in fisitaasjekommisje op ‘e nij besjoen oft der noch altyd neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied wurke wurdt. By de Stuiterbal wie dat wer sa en sy hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ op ‘e nij foar trije jier fertsjinne.
Pjutte-opfang De Stuiterbal is ûnderdiel fan de organisaasje SKIK Kinderopvang. Dy organisaasje fersoarget ûnder oaren berne- en pjutte-opfang yn De Fryske Marren. Op 17 pjuttelokaasjes en 4 bernedeiferbliuwen wurdt wurke mei in twatalich belied.
Twatalich
Op lokaasjes dy’t wurkje mei in twatalich belied, prate pedagogysk meiwurkers konsekwint ien taal. Dat wol sizze dat der net tusken it Frysk en it Nederlânsk skeakele wurdt. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en eventueel meardere talen leare. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteite-oanbod, lykas by it sjongen en it foarlêzen. De Stuiterbal hat twa pjutte-opfang groepen, dy’t beide mei in twatalich belied wurkje. Ek de stazjêres en frijwillichsters draaie mei yn dit belied. Elkenien biedt óf it Frysk óf it Nederlânsk oan.
Bij in wersertifisearring fan it sertifikaat wurdt der sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkling.