De Lytse Haskes yn Aldehaske behellet sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’

Kykje Stien Ploegstra

ALDEHASKE - Sûnt maart 2017 wurket berne-opfang De Lytse Haskes mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe de ôfrûne jierren begelieding hân om it twatalich belied foarm te jaan, passend by har eigen wurkwize. Dat trajekt is no ôfrûne en de lokaasje hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle.

De Lytse Haskes is in partikulier berneiferbliuw yn Aldehaske. Eigner Stien Ploegstra hat de lokaasje opsetten yn de skuorre fan in pleats. Der waard earst wurke mei ien berne-opfang groep, mar ûnderwilens is dêr in twadde groep by kommen.

Twatalich belied
Sûnt 2017 wurdt der wurke mei in twatalich belied. Dat sjocht der yn de praktyk as folget út: guon pedagogyks meiwurksters prate konsekwint Frysk mei alle bern en guon pedagogysk meiwurksters prate konsekwint Nederlânsk mei elkenien. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

In gouden momint
Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Lytse Haskes west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘In gouden momint nei’t Stien in Tomkeferhaal oer in spin foarlêzen hat. De bern harkje oandachtich, begripe it ferhaal ûnderstipe troch Stiens mimyk en yntonaasje. Kwa ynhâld past by it ‘grizeltema’ Halloween. Stien praat efkes mei de bern nei, mar it wurdt hielendal kânsryk as in tal bern it ferhaal sels nóch in kear ‘foarlêze’. Hiel goed om de bern sels sa oan it wurd te litten. Dat binne tige learseme taalmominten! Ek moai dat de bern har sa feilich fiele en sels it ynisjatyf nimme.’

By it sertifisearringstrajekt krijt De Lytse Haskes begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.