Premjêre ‘Wat Soesto!’ yn Theater Sneek

SNITS- Fan septimber oant en mei desimber 2021 wurdt ‘Wat Soesto!’ einlings spile rûnom yn ‘e provinsje. Op freed 17 septimber om 20.15 oere giet de foarstelling yn premjêre yn Theater Sneek.  De try out's fan de foarstelling binne op 15 en 16 septimber.

'Wat Soesto!', in foarstelling fan Freark Smink, is in ynkringend portret fan in boer yn in bysûndere famylje basearre op eigen ûnderfiningen út it ferline. Ûnder de regy fan Jos Thie spilet Freark Smink sels de boer en Klaasje Postma syn mem.