Om ‘e nocht nei ‘De Grize oer de Grouwe’ yn Balk

BALK - Yn de Fryske Boekewike komme op snein 7 novimber Sjoerd Bottema en Tjeerd Louwes mei de foarstelling “De grize oer de grouwe” nei Balk. Sjoerd Bottema en Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer harren wurk, al as net ôfwiksele mei muzyk foarmje de basis fan de optredens.

Snein 4 novimber om 15.00 oere by Poadium Gorter Balk, ynrin fan 14.30 oere ôf, fertelt Sjoerd Bottema oer en út syn spûkeboek De grize oer de grouwe: tsjustere praktiken, grouwélich en grousum, mar ek gauris fermaaklik. Oer duvels, heksen, spûken en oar rosmos.

Jaap Louwes dêrnjonken, besjongt de deistige dingen mar ek it needlot. It Frysk is foar him in prima blues- en rock&roll taal. Yn 2019 ferskynde Jaap syn meast resinte c.d. “Set ‘m op ” mei titels as “Memmen by it stek” en “Spikerjack”.

Tsjerkebier organisearret dizze middei in priuwerij. Ek is der in ferkeapkream mei Fryske boeken. Tagong is fergees. Dizze foarstelling is in initiatief fân AFUK en Podium Gorter.
Sjoch ek www.podiumgorter.nl

Foto Jaap Louwes Linus Harms