Hjoed en moarn Tryater's 'It gelok fan Fryslân' yn Wyckel

Foto Tryater / Lucas Kemper

WYCKEL - Op sneon 10 en snein 11 oktober strykt It gelok fan Fryslân del yn Wikel. It gelok fan Fryslân is in coronaproof, aventoerlike audio-kuiertocht dy’t tagelyk it earste projekt fan Tatiana Pratley is as artistyk direkteur by Tryater. Tegearre mei de doarpsbewenners fan Wikel is in unike rûte makke.

Lústerjend nei it geloksgedicht mei de stim fan Nynke Heeg, rint de besiker lâns bysûndere plakken
en libbensgrutte objekten dy’t útnoegje om mei oandacht nei him- of harsels en de omjouwing fan
Wikel te sjen.

Oftraap seizoen 2020/2021
Lykas in soad oare teaterselskippen hat Tryater in oanpast programma yn ferbân mei it coronafirus.
As ôftraap fan it nije seizoen sochten teatermakkers Aukje Schaafsma, Karel Hermans en ús nagelnije
artistyk direkteur Tatiana Pratley nei in foarm fan teater meitsjen dy’t past by dizze tiid:
“Krekt yn dizze roerige tiid hienen wy ferlet fan in hoopfol projekt. It foel ús op dat in soad minsken
harren neiste omjouwing op ‘e nij wurdearren: de blommen op it balkon, in fytstocht troch de
omkrigen, putsjes yn ’t hûs of kuierje mei de hûn. Ut it idee wei dat der in herwurdearring is fan gelok,
namen wy de tiid om te lústerjen en minsken te freegjen: Wêr wurdsto lokkich fan? Sa ûntstie It gelok
fan Fryslân, in poëtyske konfrontaasje mei gelok yn de foarm fan in aventoerlike audio-kuiertocht”.

Kuierje mei en ûnderfyn wêr’t Fryslân lokkich fan wurdt
Tryater reizget dizze hjerst tsien doarpen by del. Alle wiken in oare rûte, alle wiken in oare
ûnderfining. Foar minsken út it doarp en foar elkenien fan fier dêrbûten. Elk doarp wurdt in unike
rûte makke. Wylst lústerest nei in gedicht kuierst lâns lânskips-objekten dy’t spesjaal ûntworpen
binne troch senograaf Eva Koopmans. Sa sjochst mei nije eagen nei de omjouwing. Lit dy meistreame
op de weach fan wurden. Sjoch foar mear ynformaasje op www.tryater.frl

Coronaproof
It gelok fan Fryslân is in individuele ûnderfining dy’t coronaproof ûntwikkele is. Hjirtroch is der in
beheind tal plakken. Tryater hâldt him perfoarst oan de maatregelen opsteld troch it RIVM, lykas de
oardel meter ôfstân.

Fjouwerjierrich projekt
It gelok fan Fryslân is in fjouwerjierrich projekt fan Tryater dêr’t wy op ludike wize mei ynwenners fan Fryslân de Fryske Paradoks yn ûndersykje. Yn gearwurking mei it Sociaal Planbureau dogge wy
artistyk ûndersyk nei hoe’t it kin dat Fryslân de lokkichste provinsje fan Nederlân is.




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda De Fryske Marren

Wees loyaal – aan onze vrienden