By de Afûk is ferskynd: Jesse fan Mindert Wijnstra

WARNS- Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ’e seedyk.

Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt.

Mindert Wijnstra (1945) syn earste berneboek, Kninekeutels yn it oerwâld, ferskynde yn 1982. Der soenen noch folle mear folgje fan dizze ferhaleferteller by útstek. Yn 1992 waard It hûs fol ferhalen bekroand mei de Simke Kloostermanpriis. It boek krige boppedat ynternasjonale wurdearring mei in oersetting yn it Japansk en Koreaansk en stie op de earelist fan de IBBY (International Board on Books) for Young People).

Ek De stilte fan Joachem(2008) waard nomineard foar de Simke Kloostermanpriis. Foar ien fan syn meast resinte boeken, Bart en Bouke, wurke Mindert Wijnstra tegearre mei kollega-skriuwer Dolf Verroen, dêr’t er ek mei de skoallen by del gie foar it projekt De Schoolschrijver. Jesse leit no yn de boekhannel! Boekgegevens: Jesse Auteur: Mindert Wijnstra Utfiering: hurd kaft ISBN: 978 949 315 939 6 Ferkeappriis: € 14,95 www.afuk.frl




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda De Fryske Marren

Wees loyaal – aan onze vrienden