Autentyk Frysk printeboek fan Paul van Dijk ferskynd by de Afûk

SNITS- Sûnt lange tiid is der wer in oarspronklik Frysk printeboek ferskynd by de Afûk, Omke Ûle past op fan skriuwer Paul van Dijk. De haadpersoan yn it boek, Omke Ûle, is oeral benaud foar en dêrom bliuwt er it leafst feilich thús. Op in dei moat er op syn neefke passe, dat wól wat fan de wrâld sjen wol. En sa komt Omke Ûle der yn it ferhaal achter dat it goed is om ek ris nije dingen te probearjen. It boek Omke Ûle past op is sûnt hjoed te krijen by de Afûk.

Sa krekt foar Sinteklaas en de krystdagen is Omke Ûle past op in moaie kadotip. Printeboeken binne altyd tige populêr en it is ek alwer in skoftke lyn dat der in oarspronklik Frysk printeboek ferskynd is. Van Dijk hat in jier oan it ferhaal wurke. ‘It is in waarm ferhaal mei in boadskip foar jong en âld: it kin in goed gefoel jaan om sa no en dan wat nijs te probearjen.’

It ferhaal yn Omke Ûle past op is op rym skreaun en Van Dijk makke de kleurige yllustraasjes sels. ‘Ik haw earst it ferhaal op rym makke, dêrnei koe ik my op de yllustraasjes rjochtsje. Ûlen binne prachtige bisten om te tekenjen. De kleurige platen binne makke mei gûasje, wetterferve en pastelkryt.’

In fysike boekpresintaasje wie der net, mar it earste eksimplaar is wol op in bysûnder plak oan in bysûnder persoan oerlange. It earste eksimplaar hat Van Dijk nammentlik oerhandige oan syn soan Hidde yn Sybrandy’s Speelpark. De auteur hat dy lokaasje útsocht om’t de ûle yn syn ferhaal oeral benaud foar is, en hielendal foar it attraksjepark dêr’t syn neefke him mei nei ta nimt.

Omke Ûle past op is fan no ôf te keap yn de boekhannels, de Afûk-winkel en de websjop fan de Afûk.




Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda De Fryske Marren

Wees loyaal – aan onze vrienden