Omrop Fryslân komt tongersdei nei Terherne

Algemeen
Foto Gewoan Dwaan / Douwe Bijlsma
Foto Gewoan Dwaan / Douwe Bijlsma

TERHERNE - Op tongersdei 29 juli 2021 komt Omrop Fryslân mei Simmer yn Fryslân nei Terherne. Dizze simmer is Omrop Fryslân op ’en paad nei al it moais fan Fryslân en ek yn dit wettersportdoarp sjogge sy om it hoekje.

Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Geartsje de Vries binne fan 8.00 tot 18.00 oere yn it doarp en alle reportages en ferhalen mei ferskate Terhernsters binne de hiele dei te folgjen op de radio by Omrop Fryslân.

De tv-opnames wurde makke van 10.00 tot 14.00 oere en dizze bylden binne te sjen om 17.15 oere yn in spesjale Simmer yn Fryslân útstjoering op telefyzje (elk oere herhelling).

Fansels binne de tv bylden fan Simmer yn Fryslân ek werom te sjen op de website of app fan Omrop Fryslân.

Foto Gewoan Dwaan / Douwe Bijlsma