Himmelaksje Iselmarkust yn oktober

Algemeen
Foto De Fryske Marren
Foto De Fryske Marren

DFM - ,,De Iselmar is in prachtich natoergebiet en dat wolle wij graach sa hâlde’’, sa seit Comité Geen Zandindustrie IJsselmeer. Ferskate organisaasjes stekke darom de hannen út de mouwen om dêrbij te helpen.

,,We ha allegearre wol foto’s sjoen fan bisten dy’t gefangen sitten yn plestik. We witte allegearre wol dat it bestean fan fisken en fûgels en alle oare libben yn en om de mar ôfhinget fan in skjinne omjouwing.’’

It doel is dat de belutsen organisaasjes de hiele Fryske Iselmarkust skjin meitsje op de plakken dêr’t it nedich is en dêr’t se komme kinne. ,,Oktober is in geskikte tiid om te himmeljen, nammentlik nei it toeristeseizoen. We kinne dan noch net troch de reid-fjilden komme en op guon plakken soenen wij de fûgels tefolle fersteure, dat sette wij op de ferlanglist foar maart.’’

De organisaasjes dy’t har skouders ûnder de aksje sette binne: It Fryske Gea, Natuurmonumenten, Staatsbos, Mar en Klif, Stichting Gaasterlân Natuerlân, de IJsselmeervereniging, Bosk en Greide, Zuyderzee Lyceum, Aksjegroep Murns/Aldemardum, IVN en Vogelbescherming Nederland. Organisaasjes dy’t har noch oanslute wolle binne wolkom.