Harksitting sânwinning Iselmar by de Raad van State

Algemeen
Afbeelding

MURNS - Nei in soad maatskiplike wjerstân hat de gemeenteried fan De Fryske Marren febrewaris 2019 besletten om gjin fergunning te ferlienen oan in grutskalige sânwinning mei in yndustrieel ferwurkingseilân yn de Iselmar. De arguminten dêrfoar wienen en bliuwe de ynpakt op de natuer, de skea oan it wide útsjoch oer de Iselmar en de bijkommende lûdshinder.

Smals, it sânwinbedriuw, hat dêr berop tsjin oantekene bij de Raad van State. De harksitting oer dat berop is no pland, nammentlik 5 novimber om 11.00 oere yn De Haach. De útspraak folget binnen in termyn fan uterlik 12 wiken.

De Raad van State sjocht net nei de ynhâld fan it beslút. Se sjocht oft it beslút op de goeie wize ta stân kommen is oft it konform de wet en reedlik is en oft de belangen fan alle partijen goed behertige binne. Omdat de Raad van State it heechste bestjoersorgaan is, is dizze útspraak definityf. Dêr is dan gjin berop mear tsjin mooglik.

Sitting digitaal útstjoere
Fanwegen corona kinne allinnich fertsjintwurdigers fan de belanghawwenden nei de sitting. Dat binne uteraard de Gemeente De Fryske Marren en Smals, tusken har spilet dit berop. Mar ek ferskillende organisaasjes fan it Comité Geen Zandindustrie IJsselmeer (de Natuerorganisaasjes, de Iselmarferiening en bewenners fan Murns) ha har foege yn it proses en sille dêrbij in rol spylje. Aksjegroep Murns: ,,Us juristen ha frege oft de harksitting digitaal útstjoerd wurde kin, sadat dy dan thús te folgjen is troch alle belangstellenden.’’

Ferbeane reade sône
Hoe siet it ek al wer: midden yn it reade gebiet fan it ‘IJsselmeer Beheerplan’ wol Koninklijke Smals begjinne mei in grutte sânwinning (sjoch de kaart). It ‘IJsselmeer Beheerplan’ is yn it kader fan Natura 2000 troch de mienskiplike oerheden opsteld om de natuer te beskermjen. Yn de blauwe en griene sônes binnen eventueel aktiviteiten mooglik. Mar krekt yn de ferbeane reade sône wol Smals in yndustrieel eilân oprjochtsje en dêromhinne in grutskalige sânwinning starte.

,,De Gemeenteried seit dat yn dit beskerme natuergebiet gjin yndustriële sânwinning heart. De minister hie beslute kinnen om de gemeente opdracht te jaan it bestimmingsplan wol oan te passen, mar hat dêr gjin reden ta sjoen. Smals moat no oantoane dat it beslút fan de gemeente ûnreedlik is. Wij fine uteraard dat de Gemeente alle reden hie om dit beslút te nimmen, en fertrouwe derop dat de gemeente troch de Raad van State yn it gelyk steld wurd’’, sa seit Aksjegroep Murns.

[youtube url=’//www.youtube.com/embed/FyrTfccSdmI’]