feste-grun02-709x709_263552084.jpg
feste-grun02-709x709_263552084.jpg

J&M Teaterwurk, Fêste grûn

vrijdag 24 november 2023 20:30 tot 22:30

Jan Arendz en Marijke Geertsma komme mei gitarist Eddie Mulder mei de foarstelling Fêste Grûn. Renate, in sjoernaliste út ’e stêd, komt troch in ûngelok mei de auto yn kontakt mei Rein, in boer fan’t plattelân. Se reitsje oan’e praat en it docht bliken dat se it goed fine kinne. Rein is widner en wrakselt mei de stikstofproblematyk en de opfolging fan de pleats. Renate is troud en wrakselt mei de feroaringen yn har wurk en har thússituaasje. Sy binne nijskjirrich nei elkoar en ferlieze harsels yn de blik fan dy oar. En troch de eagen fan dy oar, begjinne sy op ‘e nij te sjen nei harren eigen libben. 

Locatie